Grut ûndersyk nei flearmûzen yn tsjerken

17 jun 2015 - 12:52
  • Flearmûs

Flearmûzen yn Fryslân kinne better beskerme wurde. Twa ûndersikers fan Van Hall Larenstein dogge dêrom ûndersyk yn 208 Fryske tsjerken. Troch de hiele provinsje sjogge se nei it tal flearmûzen, de soarten, mar ek hoe't se libje en wat de situaasje is rûnom de tsjerken.

De ûndersikers ha al 50 tsjerken besocht en yn de measte tsjerken sitte flearmûzen. De 'grutearflearmûs' komt it measte foar. Yn oktober wurdt it ûndersyk publisearre. De resultaten kinne brûkt wurde foar bettere beskerming fan 'e flearmûzen.

De data dy't sammele wurde geane nei de Zoogdierenvereniging. Dy jout dan wer advys oan 'e tsjerken.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)