Vellinga folget Van Anken op as direkteur by Zienn

17 jun 2015 - 11:31

Alice Vellinga folget Kees van Anken op as direkteur-bestjoerder fan opfangorganisaasje Zienn. Van Anken nimt op 25 juny ôfskied, nei't hy 23 jier direkteur west hat. Vellinga wurke earder by de plysje en is no noch bestjoerder fan stichting Het Kopland, in ferlykbere organisaasje as Zienn, mar dan yn Grins en Emmen.

Vellinga bliuwt hjir aktyf, mei om't Zienn en Het Kopland mei yngong fan 1 july gearwurkje sille. De beide organisaasjes tinke dat se mekoar fersterke kinne.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)