Kollum: "Fuort mei it formalisme"

17 jun 2015 - 10:44

Alle wurkdagen om 8:15 oere is it yn Fryslân fan 'e moarn tiid foar de kollum. Op woansdei de radiokollum fan Eelke Lok fan De Gaastmar. Eelke Lok wurket al jierren foar Omrop Fryslân en waard ûnder oaren bekend troch it politike praatprogramma ‘It Wapen fan Fryslân’ op de radio. Op dit stuit presintearret hy op televyzje it programma ‘Gewest Fryslân’. Al jierren fersoarget hy kollums op de radio. De kollums fan Eelke kinne oeral oer gean: Fryslân, sport, polityk, kultuer of wat him ek mar opfallen is.

“Ik krige der suver in reade kop fan. Sa moai. Sa geweldich.Ha jim it net lêzen? Lju yn de gemeente Ljouwert, neitinkende riedsleden en wethâlders en dat is ek al unyk, ha ornearre dat de folgjende weryndieling ienfâldiger moat. Oftewol je moat Ljouwerteradiel en dy pear Littenseradielster doarpen der aanst gewoan by kwakke. Net dat geâldehoer fan dat de gemeente Ljouwert earst opheft wurde moat en dan wer op nij oprjochte. Wat in ûnsin. Dat in boargemaster wer beneamd wurde moat en dat alle ellinde, amtlike ellinde, wer troch de mûne moat, wêrtroch't it proses sels te min omtinken krije kin. In dei hat mar 24 oeren en der wurkje we mar 7-en-in-heal fan.

Ek yn de soarch en it ûnderwiis ha se no ek eindelik ûntdutsen wêr’t alle ellinde fan komt, en wêrtroch't je it meast besunigje kinne: kwak it formalisme sa fier mooglik fuort. Yn de prullebak. Lit de Omrin dat daliks mar opbaarne.
Omrin? Mar dat wurket yn in tal Fryske gemeenten net, dêr dogge oaren dat. Dan kin dy dat miskien wol oprêdde, mar dan moat jim earst hjir efkes in fersyk fan meitsje, stjoer ús dat mar efkes ta, dan besjogge we dat efkes yn ús wenstige gearkomsten wêryn't we alles wat op papier al stiet ek nochris in kear beprate en at we it dan goed fine, dan stjoere we no sis mar oer in heal jier alles wol wer werom, dêr kin jim it dan noch in pear moanne oer ha, dan kin we yn 2017 at dy weryndieling west hat, miskien wol sizze dat it wol sa goed west hie, dat we it no sûnder dat formalisme dwaan kinnen hienen. Sjoch dêr gean we alwer, we kin ’t net iens fuort krije, dy formalistyske rommel dy’t ús allegear steurt.

Nederlân is Boppelân as we it ha oer formalisme. Ik moat op it wurk at ik wat printsje wol, mei koades yn it printapparaat besykje te kommen, dan seis kear wat yndrukke en miskien printet de printer dan, at der teminsten genôch papier yn sit, want se ha noch gjin systeem útfûn dat lju dy’t fuortrinne by in papier lege printmasine in slach foar de harses krije en dat apparaat wer fulle moatte.
Begryp jim. Formalisme is ek weirinne foar ferantwurdlikens. En dêrmei giet ús mienskip nei de bliksem. Wêrom tinke jim dat der lju binne, ek yn dy medyske en ûnderwiiswrâld dy’t twa of fiif kear safolle fertsjinje as in oar. Om't te min minsken ferantwurdlikens nimme wolle. Dus nimme mar in pear dat noch en dy fleane der ek wer geregeld op alle wizen út want yn harren organisaasjes sitte tefolle minsken dy’t skouderopheljend sjogge dat it net goed rint mar net yngripe wolle of kinne om't se gjin ferantwurdlikens ha. Dus wol dy baas genôch sinten krije om dy ferantwurdlikens stâl te jaan, der dêrnei útsmiten te wurden, mar dan ha hy noch wol wat of genôch jild oerhâlden.

Mar ynienen sizze ministers en steatssekretarissen dat it oars moat. Formalisme moat fuort. No is dat wol faker troch de hiele wrâld sein, mar it is nea oars wurden. Mar der skynt no mei de fûsten op tafel slein te wurden. Sterker der is no in beweging yn Nederlân om de hiele boppewrâld, de bewarders fan ús formalistysk systeem, om dy te ferneatigjen. Se wolle dat yn de wet komt te stean dat dat efterkeammerkesgedoch, dat elkoar de kâns jaan, en net oaren der yn belûke, it âlde suilesysteem, gebrûklik ek yn de FIFA, om dat wetlik út te skeakeljen. Prima. Kom op.

We sitte noch mei ien dinkje, dêrfoar ha je twatredde fan de Keamer nedich om it te feroarjen. En lit dy Keamer no foar in grut part fol sitte mei dy formalistyske jonkjes en famkes, want dan duorret altyd alles sa lang dat it nea wat wurdt en dan kin je wat langer yn it plusj sitten bliuwe, en dan praat je yn de efterkeammerkes ôf dat at je no net mei dy nije wet stimme, dat je dan in boargemasterspost op sis mar Skiermûntseach krije.
Myn holle is net read mear.”

Lês alle kollums fan Eelke Lok werom op syn side Weblok. Tongersdei wer in nije kollum yn Fryslân fan 'e moarn, dan de Toan fan Bart Kingma.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)