Twa eksamenkandidaten Bogerman Snits dochs sakke

17 jun 2015 - 10:08

Twa havo-learlingen fan it Bogerman yn Snits dy't tochten dat se slagge wienen foar de eineksamens binne dochs sakke. Dat lit de direksje fan de skoalle witte. By de normearring fan it skiekunde-eksamen is ferkeard rekkene en dêrtroch moasten 59 eksamens op 'e nij beoardield wurde. Dêrtroch kamen 23 learlingen op in leger einsifer út. Foar twa learlingen betsjutte it lykwols dat se yn earste ynstânsje net slagge binne.

De skoalle giet mei de âlden en learlingen om tafel om de mooglikheden te bepraten om it diploma dochs te heljen.

De skoalle rekkenet himsels dizze fout hiel swier oan. Se hawwe it tiisdei fuortendaliks op de eigen webside set en se hawwe persoanlik kontakt hân mei de âlden. De learlingen moatte hereksamen dwaan. Dat mei ek yn in oar fak wêze wannear't se noch in ûnfoldwaande helle ha. Se meie ien ûnfoldwaade helje. Se wurde begelaat troch de fakdosint.

De skoalle wolle net reagearje om't se bang binne dat dit ta ûnrêst liede sil.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)