Fakânsjepakketten foar bern skoalle Frjentsjer

17 jun 2015 - 08:32

Learlingen fan it Anna Maria van Schurman út Frjentsjer komme yn aksje foar bern fan húshâldings dy't libje fan de Voedselbank. Foar dizze bern is der meast gjin jild foar ekstraatsjes yn de simmerfakânsje. De learlingen sille dêrom fakânsjepakketsjes gearstalle mei dêryn bygelyks tydskriften, stripboeken en spultsjes.

Op skoalle wurdt ek sels wat makke lykas kompjûterspultsjes en houten boartersguod. Op de lêste dei foar de skoalfakânsje wurde de pakketten klearmakke foar 250 bern fan de Voedselbank yn Ljouwert.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)