Oranje fuotbalfroulju fierder op WK yn Kanada

17 jun 2015 - 07:02
  • Sherida Spitse (argyffoto)

De Nederlânske fuotbalfroulju, mei Friezinnen Loes Geurts en Sherida Spitse, geane fierder nei de achtste finales fan it WK yn Kanada. De ploech wûn ien kear, ferlear ien kear en spile in kear lyk en helle dêrmei 4 punten. Se einigen as tredde yn harren eigen groep.

De fjouwer bêste nûmers trije geane fierder. It is noch net bekend tsjin wa't Oranje de kommende wedstriid spylje moat.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)