Campinggasten De Kooi misse muzykpoadium jûns mei Oerol

16 jun 2015 - 22:44

Camping De Kooi op Skylge hat yn de Oerolperioade gjin muzykpoadium mear bûtendoar. Dit ta grutte ûnfrede fan de campinggasten en de eigener fan de camping. Al jierren stiet der in grut poadium mei optredens dêr't in grut publyk op ôf komt.

Oerol fynt dat it festival troch dit poadium yn de knipe komt en wol dêrom gjin muzyk mear op de camping hawwe yn de iepen loft. It giet om de muzykprogrammearring nei tsien oere jûns.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)