Bougroep Dijkstra Draisma langer haadsponsor fan SC Cambuur

16 jun 2015 - 21:54
  • Bouwgroep Dijkstra Draisma is al jierren haadsponsor fan Cambuur

Bougroep Dijkstra Draisma is ek de kommende twa jier haadsponsor fan SC Cambuur. It kontrakt tusken beide partijen is mei twa jier ferlingd, mei in opsje foar noch in jier. Dat betsjut dat Dijkstra Draisma ek de kommende twa jier op it shirt fan de Ljouwerters stiet. It is foar it sechsde en sânde seizoen op rige dat Dijkstra Draisma haadsponsor is fan Cambuur.

Op it útshirt fan Cambuur sil Kulturele Haadstêd 2018 de kommende twa seizoenen in prominint plak krije.

In tal bedriuwen dat sponsor is fan Cambuur hat romte op it útshirt beskikber steld oan Kulturele Haadstêd. De Ljouwerters wolle sa ek in bydrage leverje oan it bysûndere jier dat 2018 wurde sil foar de stêd en de provinsje. De reaksjes op it nije shirt foar útwedstriden binne wikseljend. Benammen oer de grutte letters fan Kulturele Haadstêd is net elkenien te sprekken.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)