Ljouwerter skoalbern op besite by berne-ombudsman Den Haach

16 jun 2015 - 21:33

Skoalbern út de wyk Heechterp-Schieringen yn Ljouwert bringe woansdeitemiddei in besite oan Den Haach oan steatssekretaris Jetta Klijnsma fan Sosjale Saken en berne-ombudsman Marc Dullaert. De learlingen binne útnoege doe't de steatssekretaris yn febrewaris in besite brocht oan Ljouwert.

De skoalbern fertelden doe hoe't se har efterstânswyk ferbetterje woenen mei help fan in bernewykried. Woansdei komme de Friezen yn de kunde mei learlingen út Amersfoort dy't yn de efterstânswyk Soesterkwartier wenje en ek yn in bernewykried sitte.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)