Haven Harns wol gearwurkje mei Fryske binnenhavens

16 jun 2015 - 20:20

De gemeente Harns ûndersiket oft de Harnzer haven yntinsiver gearwurkje kin mei de fjouwer grutste gemeenten fan Fryslân. Sa sil neigien wurde oft der mei de havens fan Ljouwert, It Hearrenfean, Snits en Smellingerlân in mienskiplik havenbelied opset wurde kin. De Fryske gemeenten wolle graach meiliftsje op de lokaasje fan de Harnzer seehaven. Sa hoopje se har better profilearje te kinnen yn binnen- en bûtenlân.

Troch gear te wurkjen tinke de gemeenten dat se as in serieuzere partner foar fierdere havenûntwikkeling sjoen wurde.

Trefwurden: 
Harns haven binnenhavens
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)