Taksybedriuw Javo Tours yn Drachten is rêden

16 jun 2015 - 19:28
  • De taksybuskes wurde no net yn beslach nommen
  • It terrein fan Javo Tours yn Drachten

Taksybedriuw Javo Tours yn Drachten is rêden. It bedriuw krijt in ienmalige liening fan 175.000 euro fan it Bureau Zelfstandigen Fryslân, in gearwurkingsferbân fan alle Fryske gemeenten. Dêrneist krijt bedriuw in ekstra liening fan de bank en dêrmei is in fallisemint fan de baan. Bij Javo Tours wurkje 60 minsken. Dy soene op strjitte komme te stean as der net dizze wike in oplossing fûn wurde soe. Ek soene de taksybuskes yn beslach naam wurde.

Dat is no troch de regeling mei de gemeenten en de bank fan de baan.

Neffens eigenerJansma fan it bedriuw sjocht de takomst fan Javo Tours der no wer goed út.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)