Ferbou earder gemeentehûs Warkum úteinset

16 jun 2015 - 19:08
  • De start fan de ferbouwing fan it eardere gemeentehûs fan Nijefurd
  • It sintrum fan Warkum

Lang om let is tiisdei begûn mei de ferbou fan it âld gemeentehûs yn Warkum. Nei de ferbou krijt kultureel sintrum De Klameare in plak yn it gebou, dat midden yn it sintrum leit. Der is jierren oer praat en oan de ein fan dit jier moat de ferhuzing dien wêze. Neist it kulturele sintrum komt ek de biblioteek yn it eardere gemeentehûs.

Op it plak dêr't De Klameare no sit, wurdt in haven oanlein. De gemeente Súdwest-Fryslân hopet sa mear toeristen nei it sintrum fan de stêd Warkum te heljen.

De provinsje Fryslân betellet it plan út it Fryske Marreprojekt.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)