Kommissaris Jorritsma iepenet Frysk Sosjaal Planburo

16 jun 2015 - 17:44

Hoe giet it mei de Friezen yn in wrâld dy't hieltyd feroaret? Dat is de belangrykste fraach foar it Frysk Sosjaal Planburo. Wichtige tema's foar it ûndersykssintrum binne leefberens, partisipaasje en soarch. It planburo siket nei trends en ûntwikkelings yn de maatskippij en dat is fan belang foar benammen de provinsje en gemeenten. Sy kinne op basis fan dy ynformaasje belied meitsje.

It planburo waard yn de Achmeatoer iepene troch kommissaris fan de kening John Jorritsma. De provinsje stipet it buro mei 1,4 miljoen euro.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)