Provinsje sil neilibjen CAO stranger kontrolearje

16 jun 2015 - 16:44

De provinsje sil yn de takomst stranger tasjen op it neilibjen fan de CAO troch oannimmers dy't oan provinsjale projekten wurkje. Dit nei oanlieding fan de útkomsten fan in ûndersyk fan buro VRO nei misstannen by boubedriuw Heijmans, ûnderoannimmers en útstjoerburo's by de projekten Escherakwadukt en de Sintrale As.

Ut it rapport blykt ûnder oare dat wurknimmers ûnderbetelle binne. Fakbûn FNV makke hjir yn febrewaris melding fan. De provinsje sil de belutsen bedriuwen freegje om de ôfspraken nei te kommen.

As dat net bart kin in boete folgje en úteinlik sels it kontrakt opsein wurde.

Diel dit berjocht op:
Trefwurden: 
(advertinsje)
(advertinsje)