Grutte tillefoansteuring by de plysje

16 jun 2015 - 16:19

Yn Fryslân hawwe der tiisdei problemen west om it plysjenûmer 0900-8844 te berikken. Dat nûmer fan de plysje kin belle wurde foar minder twingende saken. Yn Drinte, Utert, Gelderlân, Oerisel, Seelân en West-Brabân wienen der ek problemen mei de berikberens fan dit tillefoannûmer. De Fryske plysje lit witte dat de steuring yn Fryslân yntusken ferholpen is.

It is net dúdlik wat de oarsaak fan de steuring west hat. Neffens de plysje is it net de earste kear dat der in steuring is, mar wol dat der safolle korpsen yn ien kear troffen wurde.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)