Omrop Fryslân komt mei app foar Apple Watch

16 jun 2015 - 15:56
  • Omrop Fryslân op de Apple Watch

Minsken dy’t yn it besit binne fan in Apple Watch kinne hjirop fan no ôf it nijs fan Omrop Fryslân lêze. Noch foar dat de Apple Watch offisjeel te krijen is yn Nederlân, komt Omrop Fryslân mei in app foar de smartwatch.

De Apple Watch app lit de lêste fiif nijsberjochten sjen dy’t ek op de omrop-app en webside te sjen binne. Dizze berjochten binne te sjen mei in ôfbylding en in titel op twa rigels. Nei it iepenjen fan in berjocht wurde de ôfbylding en it folsleine berjocht toand. Ek push-berjochten komme op de Apple Watch binnen.

By wichtich nijs krije brûkers in push-berjocht en de opsje om it berjocht te negearjen of iepenjen.

Wannear’t minsken de nijste update fan de Omrop Fryslân-app foar de iPhone del helje is de Apple Watch-app te brûken. Brûkers krije dan de kar om de applikaasje foar de Apple Watch te ynstallearjen.

It is noch net bekend wannear de smartwatch fan Apple yn Nederlân te keap is. Yn omlizzende lannen leit de gadget al wol yn de winkel. Friezen om utens kinne de omrop-app dus al wol brûke.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)