Grutste dykprojekt foar It Wetterskip ea begjint freed

16 jun 2015 - 14:09

Wetterskip Fryslân begjint freed oan it grutste dykprojekt yn har bestean. It giet om de oanpak fan hast 17 kilometer Waadseedyk op It Amelân. Oannimmerskombinaasje Van den Herik Sliedrecht en Jansma Drachten binne oant juny 2018 oan it wurk. As it wurk dien is, dan is It Amelân de kommende 50 jier feilich foar heech wetter.

De ferbettering kostet 77 miljoen euro. It is ûnderdiel fan it lanlike heechwetterbeskermingsprogramma. Binnen dit programma wurde op 88 plakken de wetterkearingen fersterke. It hiele projekt kostet 3,2 miljard euro.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)