Jildtransport Brink's komt yn Dútse hannen

16 jun 2015 - 14:02
  • Brink's wurdt oernommen troch Wincor Nixdorf

Jildtransporteur Brink's komt yn Dútske hannen, it bedriuw hat in prinsipe-oerienkomst berikt mei Wincor Nixdorf. Brink's, dat ûnder oare in festiging yn Drachten hat, gie koartlyn selsstannich fierder, neidat it Amerikaanske memmebedriuw him weromluts út Nederlân. Dêrby waard ôfpraat dat it bedriuw noch in jier lang Brink's hite mocht.

Brink's kaam ein ferline jier yn it nijs omdat it personiel in tal kearen it wurk dellei, de direksje kundige doe baneferlies troch in reorganisaasje oan.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)