Stefan Keijzers nije teammanager fan froulju Hearrenfean

16 jun 2015 - 13:55

Stefan Keijzers fan Almelo wurdt de nije teammanager fan de fuotbalfroulju fan SC Hearrenfean. Hy wurdt de opfolger fan Jolanda Huiskamp. Keijzers is al mear as tsien jier aktyf yn it frouljusfuotbal en hat ûnderfining as trainer en alvetalbegelieder. Hy hat wurke by ferskate klups yn de regio Twente en hat jierren skreaun foar in webside oer it frouljusfuotbal.

Keijzers begjint it seizoen mei in team mei in soad nije spilers en in nije trainer, Fred de Boer.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)