Plysje fynt ynbraakfertochte werom yn in kleankast

16 jun 2015 - 11:16

De plysje hat tiisdeitemoarn yn Ljouwert in ynbrekker oanhâlden dy't krekt derfoar ek in frachtweinsjauffeur mei in mes bedrige hie. De sjauffeur wie op it Hoeksterpaad oan it laden en lossen by in supermerk, doe't de fertochte him mei in mes bedrige. De sjauffeur moast iten ôfjaan, mar wegere dit. De fertochte fytste dêrnei lilk fierder.

De plysje fûn syn fyts by in wenning oan de Voorstreek stean. Doe't de fertochte de plysje seach, gie hy de wenning binnen. Doe't de plysje oanbelle, die de bewenner iepen. De fertochte naaide út.

De bewenner seach noch wol dat ûnder oare syn televyzje klear stie om meinaam te wurden. De fertochte wie yntusken in oar hûs binnengien. De plysje fûn him yn in kleankast. De man sit fêst foar fierder ûndersyk. In tas mei stellen guod dy't de man by him hie, is yn beslach naam.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)