Grutte kolleksje fan filosoof Hemsterhuis út Frjentsjer fûn

15 jun 2015 - 22:20

De Keninklike Bibleteek yn Den Haach hat de hân lein op in unike kolleksje mei guod fan de 18de-ieuske Frjentsjerter filosoof François Hemsterhuis. It giet om tekeningen, brieven en hânskriften fan Hemsterhuis sels en minsken út syn direkte omjouwing.

In Dútske partikulier út Keulen hat de spullen yn goed 30 jier sammele. Hemsterhuis is nei Spinoza de wichtichste Nederlânske filosoof. Hy hat benammen in soad grutte Dútske tinkers as Goethe en Herder beynfloede.

Mei dizze oankeap is de Keninklike Bibleteek it wichtichste bewarplak fan orizjinele stikken oangeande Hemsterhuis.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)