Te hurd op de A6: rydbewiis kwyt

15 jun 2015 - 21:48
  • It rôze kaartsje is de man no kwyt

In man fan 27 jier út Surhústerfean is moandeitejûn syn rydbewiis kwytrekke nei in snelheidsoertreding. De man waard trappearre op de A6 by Follegea.

Dêr klokte de plysje him op 200 kilometer yn de oere, wylst 130 tastien is. De man hat ek in proses-ferbaal krigen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)