"Gjin tige swakke skoallen mear yn Fryslân"

15 jun 2015 - 21:08

Fryslân hat kommend skoaljier gjin tige swakke skoallen mear. Op dit stuit binne der noch 2: 1 yn Stiens en 1 yn Ljouwert. Mar beide skoallen sizze no wol te foldwaan oan alle easken fan de ûnderwiisynspeksje. Dy komt meikoarten del om te sjen oft it ek echt yn oarder is.

Skoalkoepel Proloog, dêr't 1 fan de 2 tige swakke skoallen ûnder falt, hat in hiel skoft dwaande west om de swaktes oan te pakken. Dêrfoar hawwe se in saneamde kwaliteitskontroleur oansteld. Dy hâldt him dwaande mei it ferbetterjen fan it ûnderwiis op de skoallen.

Ek moat dy soargje dat der op 'e tiid oan de bel lutsen wurdt as it dochs wer fout driget te gean.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)