KNSB wol WK allround 2018 net yn Thialf organisearje

15 jun 2015 - 16:59

IIsstadion Thialf op It Hearrenfean rint it WK allround yn 2018 nei alle gedachten mis. Nederlân hat it toernoai tawiisd krigen, mar reedridersbûn KNSB ûndersiket oft it toernoai yn Amsterdam hâlden wurde kin. Yn 2018 is it 125 jier lyn dat it earste wrâldkampioenskip allround yn Amsterdam hâlden waard. KNSB-direkteur Paul Sanders seit dat it moai wêze soe om dat no wer op dizze lokaasje te dwaan.

It WK allround wurdt yn 2018 nei alle gedachten op 10 en 11 maart hâlden. De Olympyske Spelen yn Súd-Koreä hawwe dan krekt west.

"Het is mooi dat we in 2018 zowel de huidige als de historische schaatshelden kunnen eren", seit Sanders.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)