Skoalbern wurde klaar-over by oerstek nei eigen skoalle

15 jun 2015 - 16:44

Bern út de groepen sân en acht fan de Meester S. Wijbrandiskoalle yn Aldhoarne wurde ynset as klaar-overs. De skoalle leit oan de drokke Schoterlandsewei en de bern kinne allinne mar feilich oerstekke as se begelaat wurde. De skoalle wol de learlingen dêrfoar ynsette, ek om't de bern harren dan mear ferantwurdlik foar de ferkearsfeiligens fiele.

De learlingen krije der in koarte kursus foar. Se meie allinne klaar-overje as harren heit en mem it goed fine.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)