Jo kinne los mei Fit mei Femke!

15 jun 2015 - 15:22

De Simmer yn Fryslân-kampanje fan Omrop Fryslân is sûnt moandei 15 juny wer los. It tema dit jier is "bewege" en dat kin mei it nije hurdrinprogramma "Fit mei Femke". De podcasts mei de earste trainingswike stean online en kinne download wurde fia www.simmerynfryslan.nl of streamd wurde fia de Omrop Fryslân-app. Alle wiken komt it nijste trainingsprogramma foar dy wike online.

Op snein 13 septimber is de Simmer yn Fryslân-loop fan 5 kilometer yn Burgum. Opjaan kin ek fia www.simmerynfryslan.nl, ûnder it kopke Fit mei Femke.

Hurdrintrainer Jaring de Groot stipet Femke mei tips en trucs. Yn de FitmeiFemke-Fideo’s jout Jaring ek útlis oer bygelyks sykheljen, iten en drinken, wêr'st om tinke moast as it waarm is, en sokke saken. Moandeitemoarn hat sjonger Syb van der Ploeg, sels ek in hurdrinner, it offisjele startskot fan de kampanje jûn yn it radioprogramma Fryslan Fan 'e Moarn.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)