No ek eksperiminten mei muzyk op Oerol

15 jun 2015 - 12:44

De organisaasje fan teaterfestival Oerol op Skylge lit muzikanten en festivals eksperiminten dwaan mei muzyk. Dat bart allegear op De Betonning, it terrein fan Rykswettersteat op Skylge. Eksperimintearje mei teater bart al jierren, mar dat it no mei muzyk bart, is nij.

Oerol hat ferskate muzikanten en festivals útnoege om it programma yn te foljen, bygelyks Kiteman en Spinvis en de Fryske festivals Welcome to the Village en Explore the North.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)