Plysje trapearret hurdriders op it klaverblêd by It Fean

15 jun 2015 - 11:54

De plysje hat snein op de A7 by It Hearrenfean opnij trije rydbewizen fan hurdriders ynnaam. It giet om dy fan in 38-jierrige man út Stadskanaal, in 24-jierrige man út Grins en in 52-jierrige man út Marum. Se riden 150 as 161 kilometer, dêr't 100 it maksimum is.

In dei earder waarden der ek al trije hurdriders trapearre op it klaverblêd. De plysje sil dêr de kommende tiid faker snelheidskontrôles hâlde.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)