Learlingen Comenius yn aksje tsjin útsetting Sineeske jonge

15 jun 2015 - 11:49
  • Yn juny fierden learlingen fan it Comenius aksje foar Dennis Mei
  • Learlingen fan it Comenius yn Ljouwert kamen manmachtich nei it stedhûs
  • Boargemaster Crone fan Ljouwert ûntfong Dennis op it bordes fan it stedhûs

Boargemaster Crone fan Ljouwert sil opnij yn aksje komme foar Dennis Mei (15). Hy sei dit ta oan in grutte groep skoalgenoaten fan de Sineeske jonge. Dennis kaam goed 10 jier lyn nei Ljouwert. Hy moat no mei syn famylje it lân ferlitte.

Sawat 300 learlingen fan Dennis syn middelbere skoalle giene moandei yn optocht nei it stêdhûs om in grut spandoek mei hantekens oan te bieden. Se fine dat Dennis te Nederlânsk wurden is om weromstjoerd te wurden nei Sina.

Boargemaster Ferd Crone en direkteur Henk Wesseling fan skoalmienskip Comenius hawwe al ferskate kearen yn it spier west foar Dennis, mar dat hat oant no ta neat úthelle.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)