Gemeentehûs ticht fanwege wizigjen namme yn De Fryske Marren

15 jun 2015 - 11:38

De nammewiziging fan de Fryske Marren soarget derfoar dat de gemeente mar leafst trije dagen lang net te berikken is, fan freed 26 juny oant woansdeitemiddei 1 july. It folsleine kompjûtersysteem moat oer de kop en dertroch kin der eins hast net wurke wurde. De gemeente hjit op it stuit offisjeel De Friese Meren, mar in mearderheid yn de gemeenteried hat besletten dat dat mei yngong fan 1 july De Fryske Marren wurdt.

De gemeente warskôget dat minsken dy't reisdokuminten lykas paspoarten oanfreegje wolle, der op tiid by wêze moatte.

It gemeentehûs is tillefoanysk ek net te berikken. De ôffalynsamling giet wol troch en de miljeuterreinen binne wol iepen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)