Heit en mem nei sikehûs brocht nei mishanneling troch soan

15 jun 2015 - 11:28

De plysje hat sneintejûn in 20-jierrige man út Donkerbroek oanhâlden foar it mishanneljen fan syn âlden. De man wie tsjin it sin fan syn âlden it hûs yn gean. Hy skopte earst de mem en joech dêrnei de heit klappen yn it gesicht. Beiden rekken ferwûne en binne mei in ambulânse nei it sikehûs brocht om dêr ûndersocht te wurden.

Mei in waarmtebyldkamera en in plysjehûn wist de plysje de fertochte op te spoaren. Hy sit fêst foar fierder ûndersyk.

Diel dit berjocht op:
Trefwurden: 
(advertinsje)
(advertinsje)