Keunstwurk wol better muzykûnderwiis op basisskoallen

15 jun 2015 - 10:51

Keunstwurk wol it muzykûnderwiis op basisskoallen de kommende jierren ferbetterje. Basisskoallen dy't mear mei muzyk yn 'e lessen dwaan wolle, kinne tenei Keunstwurk freegje om in saneamde quick scan. Yn 20 fragen krije skoallen sicht op hoe't it muzykûnderwiis derfoar stiet. Dêrnei krije se advys hoe't se dat oanpasse kinne.

Keunstwurk wol skoallen stypje yn it jaan fan muzyklessen as fêst ûnderdiel fan it basisûnderwiis. Skoallen kinne meidwaan oan de Impulsregeling Muziek. Basisskoalle De Rank yn Metslawier is al begûn mei dit projekt.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)