Spannende dagen foar meiwurkers taksybedriuw Klomp

15 jun 2015 - 07:41
  • Webside taksybedriuw Klomp

It binne spannende dagen foar de sjauffeurs fan taksybedriuw Klomp. En itselde jildt foar Fryske taksybedriuwen dy't as ûnderoannimmer ritten fersoargje foar Klomp. It Gelderske ferfiersbedriuw sit yn finansjeel swier waar. It gefolch dêrfan is dat de 800 meiwurkers, wêrfan 100 út Fryslân, allinnich fakânsjejild krigen ha en it gewoane salaris pas ein july útbetelle wurdt.

Ek guon ûnderoannimmers wachtsje noch op jild fan Klomp. No't de kâns bestiet dat Klomp fallyt giet is it ûnwis of't se de sinten noch krije.

De direksje seit yn petear te wêzen mei in ynfestearder dy't mooglik jild stekke wol yn it taksybedriuw. Der soe moandei as tiisdei mear dúdlikheid oer komme. Wolters Taksy wie ien fan de ûnderoannimmers fan Klomp, mar is der mei ophâlden nei't sy foar in legere priis ride moasten fan Klomp.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)