Erwin Zwart pakt wer titel by 1 tsjin 1-kuorbal

14 jun 2015 - 18:16

Kuorballer Erwin Zwart hat snein foar de tredde kear de titel pakt by it Noard-Nederlânsk Kampioenskip 1 tsjin 1. Yn Aldegea Smellingerlan wûn er yn de finale fan syn broer André Zwart. Yn de finale waard it 6-6, mar Erwin Zwart wûn de ferlinging troch in goal nei fjouwer tellen. It tredde plak wie ek foar in LDODK'er. Markus de Boer wûn fan pleatslik favoryt Sjoerd Pool en pakte it brûns.

Yn de regiopoule gong de winst nei Jabic de Jager fan Mid Fryslân. Foppe Nicolai fan Olympia waard twadde. Doede Deinum, spiler by DTG, einige as tredde.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)