Rappe riders reitsje rydbewiis kwyt

14 jun 2015 - 13:00
  • Snelhiedskontrole

Op it klaverblêd fan de A7 by It Hearrenfean binne dit wykein trije minsken har rydbewiis kwytrekke, omdat se fierstente hurd rieden. In man fan 31 út Zuidlaren spande de kroan, troch 173 kilometer yn de oere te riden, op in plak dêr't 100 tasien is. In frou út Belgë ried 157 kilometer en in man út Amsterdam ried 151. De plysje stiet geregeld te kontrolearjen op dit plak en hat ek al oankundige dêr de kommende tiid mei troch te gean.

Diel dit berjocht op:
Trefwurden: 
(advertinsje)
(advertinsje)