Akkrumer oanhâlden mei harddrugs

14 jun 2015 - 11:49

Op de Ryksstrjitwei yn Noardburgum is sneontejûn in 24-jierrige man út Akkrum oanhâlden om't er harddrugs by him hie. De man siet as passazjier yn in auto. De bestjoerder krige in stopteken fan de plysje en der folge in kontrole. Dêrby waard 10 gram speed fûn. De Akkrumer is meinommen en yn de sel set.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)