Net folle útfallers by trekkeralvestêdetocht

14 jun 2015 - 11:45

By de trekkeralvestêdetocht binne dit wykein sa'n 5 fan de 288 dielnimmers útfallen. Der wiene wol wat pechgefallen, mar dy koene yn de measte gefallen wer ferholpen wurde.

It wie dit wykein foar de 21ste kear dat de trekkeralvstêdetocht hâlden waard, foar it earst ûnder in nij bestjoer. Ek is de hiele ynskriuwingsproseduere digitalisearre. De rûte is wol itselde bleaun. Se ha freed en sneon troch de provinsje riden. Beide dagen wie de start yn Ingelum. In protte dielnimmers ha dêr ek oernachte.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)