Hurdfytser ferwûne by Warfstermûne

14 jun 2015 - 11:30

By in ûngelok op de Gruytsweg by Warfstermûne is sneintemoarn in hurdfytser ferwûne rekke oan syn gesicht. Troch noch ûnbekende oarsaak wie hy mei syn fyts ûnderút gongen. Yn earste ynstânsje waard ek de traumahelikopter by it ûngelok roppen, mar dy waard letter weromstjoerd. De fytser is mei de ambulânse nei it sikehûs yn Grins brocht.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)