Wettersporters yn problemen troch hurde wyn

14 jun 2015 - 11:26
  • Wettersport

Op de Fluezen by Ealahuzen is in speedboat mei trije Dútsers troch de hurde wyn omslein. In man út Ealahuzen seach dat en koe twa jonges út it wetter krije. De bestjoerder fan de speedboat is troch de brânwacht oppikt. Ien jonge wie flink ûnderkuolle.

By Hylpen rekke in surfer yn problemen. Hy koe net mear by syn surfplank komme en moast 500 meter nei de kant swimme. De KNRM begûn in sykaksje doe't se de ferlitten surfplanke seagen. Letter die bliken dat de 53-jierrige Dútser oan de kant kaam wie.

Op de Iselmar rekke in frou (51) út Rheden op in sylboat ferwûne, omdat se in gyk tsjin de holle krigen hie. Sy is nei it sikehûs yn Snits brocht.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)