Frysk Jeugd Orkest wint by Nasjonaal Konkoers

14 jun 2015 - 10:44

It Frysk Jeugd Orkest hat sneon it earste plak helle by de finale fan it Nasjonaal Konkoers foar Jeugdsymfony-orkesten. Dat wie yn de Doelen yn Rotterdam. It Frysk Jeugd Orkest die mei yn de twadde ôfdieling, foar jonge muzikanten. De gemiddelde leeftiid fan it Frysk Jeugd Orkest is 16 jier. Yn dizze kategory is it Frysk Jeugd Orkest it bêste fan Nederlân.

It Nasjonaal Konkoers waard foar de fyfde kear hâlden. It Frysk Jeugd Orkest waard earder alris kampioen yn 2006. Diriging Theo Brouwer is bliid en tefreden mei it earste plak.

Op it konkoers waard ûnderoaren in stik spile, dat spesjaal foar it FJO skreaun is. Neffens Brouwer hat syn orkest dat stik noch noait sa goed spile as no yn Rotterdam. It Frysk Jeugd Orkest wint 2.000 euro. Dat jild stekke se yn opliedings.

Oan it konkoers dienen tsien jeugdsymfony-orkesten mei, ferspraat oer trije leeftiidskategoryen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)