Margje Wittermans oer see en dreamen op Oerol

14 jun 2015 - 10:32
  • Margje Wittermans op Oerol

'Gean troch mei it meitsjen fan teater, ek al is der folle minder jild beskikber as earder.' Dat boadskip wol aktrise en teatermakster Margje Wittermans keunstners meijaan mei har stik 'Vluchtgoud', dat se op Oerol spilet. Vluchtgoud wurdt regissearre troch har heit Joop Wittermans en giet oer de see en oer dreamen.

Wittermans hat foar dit stik foar it earst sels har teksten skreaun. It is in miks fan har eigen ûnderfinings mei de waadeilannen én gedichten fan Slauerhoff. It stik spilet yn it lytse smûke West End teater yn West op Skylge.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)