Makkum wint it NK keatsen foar jonges yn Jutryp-De Hommerts

13 jun 2015 - 18:15

It NK keatsen foar jonges is sneon foar de sechde kear wûn troch Makkum. Yn de finale yn Jutryp-De Hommerts wiene Jurre Rinia, Jouke Vlasbloem en Klaas Pier Folkertsma mei 5-3 en 6-6 te sterk foar Seisbierrum-Pietersbierrum, mei Durk Ennema, Jan-Sjouke Weewer en Alwin Bierema. De lytse preemje wie foar Dronryp mei Rense Sijbesma, Jimmy Geertsma en Lennard Terpstra.

De winst by it Nederlânsk kampioenskip foar famkes yn Hank-Dussen gie sneontemiddei nei Goaiïngea.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)