Skûtsjes Ljouwerter en Hearrenfean slaan om by Langwar

13 jun 2015 - 18:02
  • It renovearre Ljouwerter skûtsje yn Harns

De skûtsjes fan It Hearrenfean en Ljouwert binne sneontemiddei omslein by Langwar. By Langwar waard in spesjale wedstriid hâlden, yn ferbân mei it 50-jierrich bestean fan de skûtsjekommisje. It hiele SKS-fjild wie fertsjintwurdige. It waaide sneontemiddei betiden tige hurd. It skûtsje fan Ljouwert hat troch it omslaan skea oprûn oan it roer en de bûtenboardmotor.

De skea oan it skûtsje fan It Hearrenfean liket ta te fallen. Der rekke net ien ferwûne. De wedstriid op eigen farwetter waard wûn troch Langwar.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)