Van der Bos, Triemstra en Iseger winner yn Moarre-Ljussens

13 jun 2015 - 17:29

De frije formaasje keatspartij yn Moarre-Ljussens is sneon in proai wurden foar Gert-Anne van der Bos, Taeke Triemstra en Daniël Iseger. Yn in spannende finale wie it trijetal mei 5-5 en 6-4 Jan Dirk de Groot, Renze Pieter Hiemstra en Hans Wassenaar de baas.

Yn de heale finale gongen Johan van der Meulen, Alle Jan Aname en Hendrik Kootstra mei 5-2 en 6-6 ûnderút tsjin Van der Bos en-dy. De oare heale finalisten wiene Hendrik Tolsma, Allard Hoekstra en Thomas van Zuiden, dy't mei 5-3 en 6-2 ferlearen fan De Groot en-dy.

Cornelis Terpstra stiet by de haadklassepartij yn Moarra noch wol op 'e list, mar yn werklikheid is hy ophâlden fan keatsen. Terpstra makke dizze wike bekend dat er ophâldt, mar wol der fierder neat oer sizze. Terpstra spande in rjochtsaak oan tsjin it keatsbûn, omdat hy sels in want meitsje woe. Dy hat hy ferlern en no hâldt er hielendal op fan keatsen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)