Belangstelling foar tribunekaarten PC nimt ôf

13 jun 2015 - 16:46
  • PC

Der is hieltyd minder belangstelling foar tribunekaarten foar de PC keatsen op it Sjûkelân. Dat erkent ek foarsitter Johannes Westra fan de PC. De PC is dit jier op woansdei 29 july. De kaartferkeap is al yn april úteinset. Yn it ferline wiene de kaarten faak al fier yn 't foar útferkocht, mar dy tiid is foarby, seit Westra.

Westra sei sneon ek op persoanlike titel dat hy it spitich fynt dat Cornelis Terpstra him weromlutsen hat as keatser. Johannes Westra hopet dat Terpstra him noch betinkt en dochs meidocht oan de PC.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)