Sânskulptuerefestival Snits no iepen foar it publyk

13 jun 2015 - 15:11

Yn Snits is sneon it sânskulptuerefestival wer iepen gien foar it publyk. Ferline wike is al begûn mei de tariedings. Sa is der 800 ton sân stoart. Sneon en snein binne 20 ynternasjonale keunstners oan de gong om dêr bylden fan te meitsjen. Yn tsjinstelling ta ferline jier mei it publyk dêr no al by wêze. Ek dêrnei is it festival alle dagen iepen foar it publyk oant en mei 20 septimber.

It is no foar de tredde kear dat it festival yn Snits hâlden wurdt. Ferline jier kamen der hast 50.000 besikers foar de sânbylden nei Snits.

Trefwurden: 
sânskulptuer sânbyld
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)