Sympoasium oer hûndert jier fjoerflinter yn De Weerribben

13 jun 2015 - 14:25

Mei in sympoasium wurdt sneon betocht dat hûndert jier lyn foar it earst in fjoerflinter sjoen waard yn Fryslân. It giet om in soarte dy't allinne yn ús lân foarkomt. In soarte dy't der op like stoar om 1860 hinne út yn Ingelân.

It sympoasium wurdt hâlden yn De Weerribben, ien fan de gebieten dêr't de flinter noch foarkomt. Doel is dat it leefgebiet fan it bistje de kommende jierren útwreide wurdt. De flinter libbet allinne yn leechfeangebieten.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)