Fyftich sike bern de loft yn fan de fleanbasis ôf

13 jun 2015 - 12:37

Hast 50 sike en handikapte bern hawwe sneon in moaie dei. Se meie fan de Ljouwerter fleanbasis ôf fergees meifleane yn in sportfleantúchje. Stichting Hoogvliegers organisearret alle jierren sokke dagen op alle fleanfjilden yn Nederlân. Sneon stelt fleanbasis Ljouwert meiwurkers, romte en startbanen beskikber foar de sportfleantúchjes en piloaten, dy't fan rûnom nei Ljouwert kamen om mei de bern de loft yn te gean.

Fierder wie der in optreden fan in clown en op it terrein koene de bern spuitsje mei in slang fan de brânwacht.

Ek koene de bern yn in helikopter klimme en ferskate âlde strieljagers besjen.

Trefwurden: 
fleanbasis Loft fleane
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)