Hûnderten minsken rinne yn Dokkum foar KWF

13 jun 2015 - 10:43
  • Dielnimmers oan de SamenLoop voor Hoop yn Dokkum
  • Ek nachts waard der drok rûn...

Om it Dokkumer sportpark oan de Hurddraversdyk rinne sneon 42 teams mei 780 minsken rûntsjes om jild op te heljen foar KWF Kankerbestrijding. Dizze SamenLoop voor Hoop wurdt op ferskate plakken hâlden, mar ditkear foar it earst yn Dongeradiel. De dielnimmers binne freed om healwei fiven begûn.

Minsken koene foarôf in kears doneare tsjin in fergoeding. Dêrmei waard freedtejûn en -nacht it hiele parkoers ferljochte. Sneon om healwei fiven komt der in ein oan it evenemint. De dielnimmers hawwe der dan 24 oeren opsitten.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)