Keninklike ûnderskieding foar Jan Kootstra

13 jun 2015 - 09:55
  • Kootstra krige it lintsje fan loko-boargemaster Jelle Zoetendal

By de iepening fan de 21e edysje fan it ynternasjonale fuotbaltoernoai yn Aldskoat is sneontemoarn in keninklike ûnderskieding útrikt oan Jan Kootstra fan It Hearrenfean. Hy waard beneamd ta lid yn de Oarder fan Oranje Nassau. Jan Kootstra (58) wie 22 jier lang bestjoerslid fan de fuotbalferiening fan Nijskoat. Sûnt 1996 nimt hy de rol fan foarsitter op him.

Oan it ynternasjonale fuotbaltoernoai op sportpark De Greiden dogge dit jier 66 jeugdteams út binnen- en bûtenlân mei. Sy stride twa dagen lang om de toernoaiwinst.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)